Hallumer terjochte oanpakt

14 jul 2011 - 10:27

De gemeente Ferwerderadiel hat twa jier lyn terjochte optreden tsjin in ynwenner fan Hallum. De man hie ferskate selsmakke elektryske ynstallaasjes yn hûs, dêr't de brânwacht fan sei dat dy brângefaarlik wiene. Buertgenoaten hiene ek klage.

De boargemaster fan Ferwerderadiel hat doe opdracht jûn de elektryske ynstallaasjes fuort te heljen. De man wie it dêr net mei iens en stapte nei de rjochter. De Raad van State hat no sein dat de gemeente yn syn rjocht stie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)