Jonkje (3) swier mishannele

14 jul 2011 - 10:10

Yn Boalsert is in jonkje fan trije slim mishannele. Syn mem en in oare man, dy't net de heit is fan it jonkje, binne arrestearre.

It bern waard tiisdeitemoarn troch ambulânsepersoniel fûn yn it hûs fan syn mem. It jonkje wie doe út de tiid. It slachtofferke is yn soarchwekkende tastân nei it sikehûs fan Snits brocht. Letter rekke er nei it universitêr medysk sintrum yn Grins. Syn tastân is krityk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)