It Fean ferliest fan AA Gent

SC Hearrenfean hat de oefenwedstriid tsjin AA Gent woansdeitejûn mei 4-1 ferlern. De wedstriid waard spile yn Vaals dêr't de ploech fan trainer Ron Jans op trainingskamp is.
SC Hearrenfean kaam al yn de earste minuten op foarsprong troch in penalty fan Bas Dost. Krekt foar it skoft skoarde AA Gent de lykmakker. Fuort nei de rêst waard it 2-1 foar de Belgen. Yn de 67e minút skoare Msilla de 3-1 en krekt foar rêst makke Stijn de Smet der noch 4-1 fan.