Medalje foar rêden famke

13 jul 2011 - 19:12

Rudi Venema fan Surhústerfean hat tiisdei de Brûnzen Medaille Carnegie Heldefûns krigen. Yn maart hat hy in famke rêden dat al fytsend flaufoel en yn de sleat bedarre. De medalje is bedoeld foar minsken dy't slachtoffers helpe mei gefaar foar eigen libben. Venema stapte sûnder nei te tinken yn it wetter, brocht har op it droege, beäzeme en fersoarge har oant de ambulânse der wie.

Boargemaster Piet Adema rikte de medalje út oan Venema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)