Sweedsk syljacht yn problemen

© Omrop Fryslân
Op de Noardsee boppe It Amelân is woansdei in Sweedsk syljacht yn problemen kaam. De opfarrenden koene net op eigen krêft fierder. De rêdingsboaten fan It Amelân en Skiermûntseach rukten út om te helpen en hawwe it skip nei It Amelân brocht.
De bemanning woe de lijte fan 'e Waadsee opsykje, mar wie te wurch om troch it seegat te kommen. Op de Noardsee stiene hege golven dy't yn it seegat foar in hege brâning soargje.