1ste peal CSK Food Ljouwert

13 jul 2011 - 15:35

De Ljouwerter ûndernimming CSK food Enrichment sil foars útwreidzje. Boargemaster Crone fan Ljouwert sloech woansdei de earste peal foar de nijbou. Njonken it strjemselfabryk, sa as eltsenien it bedriuw kent, wurdt in folslein nije fabryk boud.

CSK hat no ek noch in festiging yn Ede mar op termyn sil alle produksje nei Ljouwert ferhúzje. Der komme dan 40 arbeidsplakken by yn Ljouwert. It fabryk moat 2012 om dizze tiid klear wêze. De nijbou kostet 35 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)