Aoife Scott nei Liet Ynt.

De sjuery fan Liet Ynternasjonaal 2011 hat fiif bands selektearre út mear as 40 ynstjoerings yn goed tweintich talen. Aoife Scott út Ierlân, in folle nicht fan Mary Black, is ien fan de finalisten. De oare finalisten komme út Karelië, Udmurtië yn Ruslân, Baskelân en Skotlân. Sy sille it yn it Italiaanske Udine opnimme tsjin ûnder oare de Fryske finaliste Janna Eijer.
De list is noch net folslein, want de dielnimmers út ûnder oare Italië binne noch net bekend.