Bettere gymles yn Gaasterlân

12 jul 2011 - 21:53

Yn Gaasterlân-Sleat wurdt in spesjale gymdosint ynset om it sportûnderwiis op basisskoallen en by sportferienings te ferbetterjen. Hy nimt by guon basisskoallen de gymnastyklessen oer.

By sportferienings jout de dosint tips om bettere treningen te jaan. Mei dit inisjatyf hopet de gemeente mear bern oan it sporten te krijen. Foar de skoallen is dit in goedkeap alternatyf foar de fakdosint, dy't troch alle besunigings hieltyd mear ferdwynt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)