Cambuur skoart sân kear

12 jul 2011 - 21:21

SC Cambuur hat tiisdei de earste oefenwedstriid fan it trainingskamp yn Garderen mei 7-0 wûn. In seleksje fuotballers út dy regio wie de tsjinstanner. By it skoft stie it 4-0 foar de Ljouwerters. Mark de Vries, Martijn van der Laan, Sicco Bouwer en Oguzhan Türk makken de doelpunten.

Nei it skoft skoarde De Vries noch twa kear en tuskentroch makke Martijn Barto ek in goal. Freed spilet Cambuur noch tsjin Heracles Almelo. Sneon wurdt it trainingskamp ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)