It Fean dochs tsjin Gent

De oefenwedstryd tusken SC Hearrenfean en AA Gent giet woansdei dochs troch. De wedstryd waard earder ferbean omdat de autoriteiten yn it Belgyske Temse oer de feilichheid yn sieten.
AA Gent stelde foar om yn it stadion yn Gent te spyljen, mar dan sûnder publyk. Dêr woe Hearrenfean net oan. Beide klups ha no ôfpraat dat se elkoar dochs treffe. Dat gebeurt yn Vaals, dêr't SC Hearrenfean op trainingskamp is. Publyk is dêr gewoan wolkom.