Trije jier sel minskehannel

De Ljouwerter rjochtbank hat tiisdeitemiddei in 26-jierrige Roemeen sûnder fêst wenplak feroardield ta trije jier selstraf. De man wurdt fertocht fan minskehannel.
Hy soe ûnder oare twa froulju ûnder twang yn de prostitúsje wurkje litten ha. Doe't ien fan de twa oanjefte tsjin de man dien hie, besocht er har mei twang dy wer ynlûke te litten. Tsjin de man wie twa wike lyn deselde straf easke.