Swimbad De Frosk bliuwt iepen

12 jul 2011 - 15:50

It swimbad De Frosk yn De Westereen bliuwt iepen. It resultaat fan de ûnderhannelings is dat it swimbad yn elk gefal de kommende tsien jier iepen bliuwe kin. De gemeente moat dan acht ton bylizze as it bad oernaam wurdt troch de Conegroup. B. en w. wolle dat wol, mar de gemeenteried moat ek noch akkoart gean. De foarnommen sluting soarge foar in soad lulke reaksjes.

Conegroup hâldt it bad tsien jier iepen foar rekreaasjeswimmers, doelgroepen en de swimferiening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)