Nije rêdingsboaten foar KNRM

De KNRM, de Keninklijke Nederlânske Reddings Maatskappij, is dwaande mei it ûntwikkeljen fan in nije type rêdingsboat. Dizze boat moat de opfolger wurde fan it type Arie Visser, dy't op Skylge, It Amelân en Skiermûntseach ynsetten wurdt. De KNRM hat ferline jier in grutte gift krigen dêrmei is dit nije type ûntwikkele.
It is noch net dúdlijk wêr't de nije rêdingsboaten boud wurde sille. De ferwachting is dat de nije rêdingsboat yn de rin fan 2013 farre sil.