Wetter fan de Swadde gefaarlik

12 jul 2011 - 11:21

It wetter De Swadde moat sa gau as mooglik skjinmakke wurde. Dat seit it pleatslik belang yn Twizelerheide. Undersyk hat neffens har oantoand dat it wetter fersmoarge is mei kankerferwekkende stoffen. Dat is gefaarlik foar de bern dy't dêr swimme en fiskje.

Pleatslik belang fynt dêrom dat de gemeente Achtkarspelen it wetter skjin meitsje moat. Docht de gemeente dat net, dan komt pleatslik belang yn aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)