Alde frou op It Fean bestellen

In 85-jierrige frou fan It Hearrenfean is moandeitejûn yn har wenplak bestellen. De frou waard op de Gaasterlandlaan oansprutsen troch in man en in frou yn in grize Mercedes. De frou stapte út de auto en lei har in nepgouden ketting yn de nekke. De frou fan It Fean moast dêr neat fan ha en stjoerde de fertochte fuort. Dy gie wer yn de auto, dy't hurd fuortried.
Dêrnei fernaam de ynwenster fan It Hearrenfean dat se har eigen gouden ketting miste.