Q-music ek op NK-aaismiten

12 jul 2011 - 10:14
In byld fan it NK aaismiten yn Makkum

Radiostasjon Q-music sil takom jier oandacht besteegje oan it iepen Nederlânsk kampioenskip aaismiten yn Makkum. Dat is de útkomst fan oerlis tusken de organisaasje fan it evenemint en de diskjockey's fan Q-music.

De partijen hiene de ôfrûne wike in skeel krigen oer de titel iepen NK. Makkum organiseerre de offisjele titelstriid, mar Q-music kaam yn de moarnsútstjoering ek mei in iepen NK oansetten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)