Problemen Duinwijck foarby

It wurdt wer rêstich op Flylân
De problemen yn de wenwyk Duinwijck op Flylân binne oplost. De gemeenteried hat moandei besletten de 21 huzen better te fundearjen. Dat kostet sân ton en wurdt betelle troch de gemeente en oannimmer Dykstra-Draaisma. By de bou is in flater makke, mar gemeente en oannimmer koenen it net iens wurde oer wa't dêr foar opdraaie moast. Der moast in arbitraazjekommisje oan te pas komme om de saak flot te lûken.
De fundearrings wurde fol spuite, sadat de huzen net mear fuortglydzje.