Pieter-Jan Postma tredde op EK

Pieter-Jan Postma (argyffoto: Thom Touw)
Pieter-Jan Postma stiet nei fiif races yn de Finn op it tredde plak by it iepen Europeesk kampioenskip silen. Op it wetter by de Finske haadstêd Helsinki koe de stjoerman gjin goed ferfolch jaan oan syn moaie searje fan snein. Doe sylde Pieter-Jan nei in 3e, opnij in 3e en in 2e plak.
Moandei stie der amper wyn en waard de âld-ynwenner fan Terkaple 5e en 21e. Dat lêste resultaat kin er foarearst ôflûke. De Kroäat Ivan Gaspic is mei acht punten lieder, Postma hat trettjin.