Priis foar 'Willie Wortels"

11 jul 2011 - 20:21

It Bedriuwesintrum Dokkum skriuwt in priisfraach út foar minsken mei ynnovative ideeën. It giet by it 'Beste idee van Noordoost Friesland' om starters dy't yn Noardeast Fryslân en Ljouwert wenje.

De fynsten moatte foar oktober ynlevere wurde. Dêrnei kiest de sjuery de trije bêsten út. Dy krije help om fan it idee in produkt te meitsjen en oan de man te bringen. De priisfraach wurdt ûnder oare betelle mei in subsydzje fan Plattelânsprojekten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)