Grutte priis foar Paques Balk

It bedriuw Paques yn Balk hat in belangrike priis wûn. It giet om de Hoogewerff Gouden Medaille dy't mar ien kear yn de fiif jier útrikt wurdt. De priis giet nei bedriuwen dy't op bysûndere wize wat sjen litten ha yn de gemyske technology. Paques is spesjalisearre yn techniken dy't wetter en gas suverje en rint al jierren foarop yn dit wurk.
Direkteur Jos Paques sjocht de priis as in wittenskiplike erkenning fan syn bedriuw.