Soad mieren yn en om 'e hûs

Fryske túnsintra hawwe it op it stuit smoardrok mei de mier. It bistje rukt wer massaal op yn en om 'e hûs. Dat soarget derfoar dat in soad minsken wer bestridingsmiddels yn 'e hûs helje.
By guon túnsintra stiet de ferkeap fan mierebestridingsmiddels dizze wiken op nûmer ien. Gewoanwei komt de jierlikse mierepleach yn augustus, dit jier is dat al yn july. Mooglik komt dat troch de betide droechte fan dit jier.