De Linde krijt wer bochten

11 jul 2011 - 16:00

Rivier de Linde yn de Stellingwerven krijt wer bochten. Goed 100 jier ferlyn, begjin 1900, kronkele De Linde folle mear as no. Yn ferbân mei it ferfier fan turf oer it wetter binne destiids in protte bochten ôfsnien en grutte stikken rjocht makke.

Oer in trajekt fan 7 kilometer lingte moat de Linde no wer feroarje, fynt de provinsje. En dus gie de skeppe koartlyn wer de grûn yn. De bochten -of meänders- komme wer werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)