Feanster jout plysje soad wurk

De plysje hat it snein drok hân mei it oanhâlden fan in 28-jierrige Feanster. Dy waard oanhâlden om't er earder op de middei sjoen wie by in ynbraak. Doe't de plysje by de man foar de doar stie naaide dy út nei it dak en gie dêr op 'e skoarstien sitten. De plysje koe him net nei ûnderen prate.
Doe't bliken die dat de man ek noch drugs brûkt hie waard de brânwacht ynskeakele. Dy pleatste springkessens om it hûs hinne. Uteinlik foel de man fan it dak en kaam op in platdak telâne.