Ferwûnen by ûngelok De Harkema

11 jul 2011 - 10:35

By in ûngelok op De Harkema binne snein twa minsken ferwûne rekke. In 28-jierrige automobilist út De Like ried oer de Betonwei rjochting Twizel en sloech ynienen linksôf. In 44-jierrige frou ried op 'e motor achter de man en koe him net mear ûntwike. Se klapte tsjin de auto en rekke ferwûne. Ek de man hie ferwûnings.

Beide slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)