Westra op it skik nei 1e wike

11 jul 2011 - 09:28

Lieuwe Westra is bliid mei de rêstdei yn de Ronde fan Frankryk. De 28-jierrige debutant fan De Tynje is tefreden oer syn earste Tourwike. Fjouwer kear socht Lieuwe de oanfal, twa kear siet er yn in lange ûntsnapping.

Oer syn ploechmaat Johnny Hoogerland is Lieuwe minder optimistysk. De drager fan de berchtrui rekke snein swier blessearre. Mei 33 hechtingen yn syn skonken wurdt it neffens Westra in toer om tiisdei wer op te stappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)