Winst foar Jannick de Jong

11 jul 2011 - 09:24

Gersbaanracer Jannick de Jong hat snein yn Lelystêd de twadde wedstriid om it iepen Nederlânsk kampioenskip speedway wûn. De Gordykster wie oppermachtich, hy wûn alle heats. Twad waard Henry van der Steen van Aldebiltsyl. De baan yn Lelystêd wie min en soarge foar lytse ûngemakjes mar dat dearde de Gordykster net.

Takom wike sneon yn Veenoord is de tredde wedstriid fan in searje fan fjouwer wedstriden om it iepen Nederlânsk kampioenskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)