Aris behâldt Sanchez en Adako

11 jul 2011 - 09:15

Basketbalklup Lasaulec Aris hat Mark Sanchez en Manny Adako opnij fêstlein foar takom seizoen. Beide spilers hawwe foar ien jier bytekene. Sanchez en Adako stiene heech op it ferlanglistje fan de Ljouwerters.

De beide inside-spilers hiene ferline jier in wichtige rol by Aris. Sanchez wie goed foar gemiddeld 15 punten en 9 rebounds per wedstriid. Adako wie goed foar gemiddeld 14 punten en 5 rebounds.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)