PvdA op syk nei nij boechbyld

11 jul 2011 - 08:22

De nije wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân moat al op 22 septimber ynstallearre wurde. Dat meldt de PvdA yn de gemeente. Der moat in opfolger fûn wurde foar wethâlder Andries Ekhart, dy't nei Ljouwert gien is. De fakânsjeperioade wurdt brûkt om in geskikte kandidaat te finen.

Dy persoan moat bekend wêze mei saken as jeugdsoarch, minimabeleid, sosjale wurkfoarsjenning en ûnderwiis. De nije wethâlder moat ek it boechbyld wêze foar de ferkiezings yn 2014.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)