Partoer Wagenaar wint St. Anne

10 jul 2011 - 16:36

Lisette Wagenaar, Imke van der Leest en Gérieke de Groot ha snein de frije formaasje keatspartij yn Sint Anne wûn. Op sportpark de Waaie wiene Wagenaar-en-dy mei 5-4 en 6-4 te sterk foar Maaike Osinga, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken.

De finale wie deselde as ferline wike yn Doanjum. De lytse preemje gie nei it partoer fan opslagger Margriet Koelmans.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)