Lûdsapparatuer feest meinaam

10 jul 2011 - 14:30

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein by in feestje oan de Ljochtmisdyk yn Menaam lûdsapparatuer yn beslach naam. By de meldkeamer wiene in ferskaat oan klachten ynkaam oer lûdsoerlêst.

Nei in earste warskôging moasten de plysjes letter nachts weromkomme. Doe is de apparatuer útinoar helle en meinaam. Tsjin de 23-jierrige eigner is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)