Tytsjerk krijt fjouwer AED's

Yn Tytsjerk wurde nije wike fjouwer AED's offisjeel yn gebrûk naam. Mei sa'n apparaat kinne je minsken mei in hertstilstân helpe. Ien fan de apparaten is foar in part betelle troch de gemeente. Twa koene oanskaft wurde mei jild fan in kollekte yn it doarp en fan sponsors.
It lêste apparaat is kocht troch in oaljehannel. De fjouwer AED's kinne betsjinne wurde troch in groep fan 40 frijwilligers. Trije hingje yn it doarpshûs, de oare by de oaljehannel.