Drinkeling op Himpenser Wielen

10 jul 2011 - 13:17

Op de Himpenser Wielen by Ljouwert is sneintemiddei in man te wetter rekke nei't er út syn sylboat fallen wie. Hy is nei alle gedachten net goed wurden. Boatsjeminsken dy't by him yn de buert wiene hawwe him út it wetter helle.

Ambulânsepersoniel en meiwurkers fan de traumahelikopter ha in skoft lang dwaande west de man te reänimearjen. Hy is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs fan Ljouwert foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)