Frjentsjer fiert stêdebân

Frjentsjer fiert de kommende dagen dat it al 20 jier in stêdebân hat mei de Hongaarske stêd Sátoraljaújhely. Oanlieding wie de komst fan in dûnsgroep út dy stêd nei de Agraryske Dagen, yn 1989. De leden fan de dûnsgroep koene it sa goed fine mei de Frjentsjerters, dat it kontakt bleaun is. Yn 1991 waard de bân offisjeel.
De ôfrûne jierren wiene der oer en wer in soad besites, foaral útwikselingen fan skoallen. Snein wurde 55 Hongaren ûntfongen op it stêdhûs.