Auto hiere op de kemping

10 jul 2011 - 10:43

Rekreaasjepark De Kuilart yn Koudum begjint mei autoferhier. De kemping seit dat it it earste park yn Europa is mei dizze service. Der komme hieltyd mear fakânsjegongers dy't in kemper ha. Dy kinne se dan stean litte as se der op út wolle. Ek boatsjeminsken dy't yn de haven lizze ha faak ferlet fan in auto.

De Kuilart begjint mei twa hierauto's. Dy binne foar in pear euro foar in heale dei mei te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)