Supermerk Burdaard sletten

De supermerk yn Burdaard is sûnt sneon ticht. Doarpsbelang fynt it spitich dat de supermerk ferdwynt. Der ha wol oernamekandidaten west, mar dy heakken allegear ôf. De SRV-wein dy't ien kear yn de wike yn it doarp komt hat al oanbean faker del te kommen. Ek biede supermerken út de omkriten oan om de boadskippen thús te besoargjen.
It ferdwinen fan de supermerk stiet yn kontrast mei de iepening fan it multyfunksjonele sintrum, bedoeld om minsken nei Burdaard te krijen.