Oefenduel Hearrenfean ôfsein

Foto: Martin de Jong
De oefenwedstryd woansdei yn Gent tusken Sportklup Hearrenfean en AA Gent giet definityf net troch. De wedstryd wie troch de autoriteiten yn Gent ferbean, omdat der sinjalen wiene oer mooglike reboelje. Der koe net in oar plak fûn wurde om te spyljen. It foarstel fan de Gentenaren om achter sletten doarren te oefenjen woe Hearrenfean neat fan witte. De klup siket no in oare tsjinstander.
Moandei giet de seleksje op trainingskamp nei Vaals yn Limboarch.