Trio Olijnsma wint De Broek

09 jul 2011 - 17:42

Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra hiene sneon yn de finale fan de frije formaasjepartij yn Broeksterwâld krekt wat mear gelok as it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. It trio Olijnsma wûn mei 5-5 en 6-4 doe't kening en foar bêst opslagger Marten Feenstra in sitbal joech.

Van der Bos naam in 3-1 foarsprong, mar dêrnei pakten Olijnsma-en-dy fjouwer buordsjes op rige. De ferliezers hiene mear punten: 68 om 52.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)