Tsjin sluting bad De Westereen

09 jul 2011 - 12:48

Ynwenners fan De Westereen fersette har manmachtich tsjin de plannen om it swimbad yn it doarp te sluten. De gemeente hat gjin jild mear foar de eksploitaasje. Der soene gjin oare gadingmakkers wêze.

Neffens in aksjekomitee dat it bad iepen hâlde wol, is dat net wier. Der binne wol kandidaat-eksploitanten. De aksjefierders wolle riedsleden sjen oertsjûgje dat se net mei de plannen fan it kolleezje akkoart gean moatte. De ried praat der tiisdei oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)