Wer oerlêst mei feestweinen

Jongeren mei feestweinen ha freedtejûn foar oerlêst soarge yn Eanjum. Se makken in soad leven, pissen by tsjin gevels oan en wiene brutaal tsjin lju dy't dêr wat fan seine. De jongeren kamen mei de weinen út Peazens Moddergat, dêr't it doarpsfeest is. Se hiene gjin fergunning foar Eanjum.
Earder giene feestfierders mei weinen nei Dokkum, dêr't de plysje har fuortstjoerde. De plysje praat nije wike mei de gemeente oer strangere regels foar it riden mei in feestwein.