Friezen min út hjerringtest

09 jul 2011 - 08:31

It is lykas foarich jier net bêst steld mei de hjerring dy't yn Fryslân ferkocht wurdt. Dat falt op te meitsjen út de jierlikse AD-hjerringtest. Mei-inoar is yn Nederlân in besite brocht oan 105 ferkeappunten fan hjerringen. Visshop De Drait yn Drachten is de bêste fan Fryslân op in 76ste plak. Mar wurdt wol neamd yn de kategory 'oneetbaar/bedorven'.

De festiging fan Poiesz supermerken yn de wyk Westeinde yn Ljouwert stiet op it ien nei lêste plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)