Visser sânde op EK BMX

08 jul 2011 - 22:11

Sjoerd Visser fan Noardburgum hat freed de finale helle fan it Europeesk kampioenskip BMX yn Haaksbergen. Yn de Cruiser-klasse fan 30 oant 39 jier waard hy yn de finale sânde. Syn broer Jochum Visser kaam net fierder as de heale finale. It wie foar it earst dat de twa broers meidiene oan in ynternasjonale wedstriid.

Nederlânsk kampioen Wietske Bloemhof is sneon kânshawwer foar de titel yn de klasse oant 12 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)