Hennepplantaazje yn skuorre

De plysje hat freed yn in skuorre achter in hûs yn Tsjummearum in hennepkwekerij oprôle. Yn de kwekerij waarden 815 stekjes en 200 grutte planten fûn. Dy binne mei de byhearrende apparatuer yn beslach naam en ferneatige.
De man en frou dy't yn it hûs wenje binne meinaam foar ûndersyk. Dêrby sjocht de plysje ek nei har finânsjes, omdat der oanwizings binne dat se jild fertsjinne hawwe mei de ferkeap fan hennep.