Kabel Noord ferfangt netwurk

Kabel Noord yn Dokkum wol syn besteande netwurk fan koper de kommende jierren ferfange troch ien fan glêsfezel. Dat is geskikter foar hjoeddeiske tapassings as telefoan en ynternet. It kopernetwurk wie earder benammen bedoeld foar televyzje en radio.
Foar de operaasje is 25 miljoen euro nedich. It bedriuw is noch dwaande dat jild byelkoar te krijen. Kabel Noord is aktyf yn fiif gemeenten yn it noarden fan de provinsje.