Oefening Luchtmobile Brigade

De Luchtmobile Brigade sil kommende tiisdei in grutte oefening hâlde yn Ljouwert. Dêrby sil in leechsteande flat oan de Schieringerwei/Wilgenstrjitte ûntromme wurde. De soldaten moatte sykje nei fertochte persoanen en eksplosiven.
De oefening fan de Luchtmobile Brigade yn de sloopflat duorret tiisdei de hiele dei. Foar dit soarte aksjes wurde gewoanwei nijboude oefengebouwen brûkt. De gemeente Ljouwert hat no lykwols in echte flat beskikber steld.