Jier sel foar mem Cheyenne

De Drachtster mem fan Cheyenne, dy't foarich jier nei mishanneling om it libben kaam, hat in selstraf fan in jier krigen. It famke fan twa wie op in feestje yn Eindhoven troch har mem en har freondinne fan doe slein, skopt en treaun. Dêrbij foel se mei har holle op 'e grûn, in dei letter stoar se yn it sikehûs.
Neffens de rjochtbank waard Cheyenne stelselmjittich mishannele. De 22-jierrige freondinne krige seis jier sel.