Manifest oer lanlik gebiet

08 jul 2011 - 12:36

Ferskate organisaasjes hawwe de provinsje útstellen dien oer de ynrjochting fan Fryslân yn de takomst. Yn in saneamd Grien Manifest dogge organisaasjes as Wetterskip Fryslân, Steatsboskbehear, It Fryske Gea en LTO-Noard útstellen oan de provinsje oer wat der barre moat foar in goeie ynfolling fan it Fryske lanlik gebiet.

De provinsje moat keuzes meitsje, want it ryk sil troch besunigings mei minder jild oer de brêge komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)