Oplossing huzefersakjen Flylân

De gemeente Flylân en boubedriuw Dykstra-Draisma betelje elk de helte fan de renovaasje fan 23 huzen op Flylân. De tweintich jier-âlde huzen binne fersakke trochdat de fundearring net doocht. Sûnt de oplevering kedize de gemeente en it boubedriuw al oer wa't foar de flater opdraaie moat.
In arbitraazjekommisje hat de gemeente fiif jier lyn advisearre om de bouflater oan te pakken. Sûnt dy tiid is wurke oan in plan fan oanpak dêr't it boubedriuw ek by belutsen is.