'Fuortgean Ekhart ferfelend'

Fuortgean Ekhart 'aderlating'
In 'aderlating' foar Súdwest-Fryslân. Sa neamt fraksjefoarsitter Wijbenga fan de VVD it fertrek fan wethâlder Andries Ekhart nei Ljouwert. Neffens Wijbenga is it tige ferfelend dat sa'n wichtige wethâlder al sa gau nei de gemeentlike weryndieling fuortgiet. De PvdA moat dan ek sa gau mooglik op syk nei in nije, stevige wethâlder. Neffens fraksjefoarsitter Germ
Gerbrandy fan opposysjepartij FNP is elk te ferfangen, mar giet Ekhart wol hiel rap nei de weryndieling fuort.