Moasje tsjin B&W Hearrenfean

Alle opposysjepartijen yn de ried fan Hearrenfean ha tongersdei in moasje fan treurnis yntsjinne tsjin it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Se woene sa oanjaan dat se min te sprekken binne oer it plan om de skoalle yn Bontebok te sluten.
De opposysje fynt dat der hiel min kommunisearre is nei de ynwenners fan Bontebok en Ketlik. De plannen foar de sluting fan de skoalle en in mooglike fúzje mei de skoalle yn Ketlik binne yn beide doarpen ynslein as in bom.