Minybike yn beslach nommen

08 jul 2011 - 10:29

In 15-jierrige jonge út Ljouwert is tongersdei syn minybike kwytrekke. De jonge ried hiel hurd oer de Grinzerstrjitwei mei it lytse motorke. Surveillearjende plysjes seagen him en joegen him in stopteken.

De plysjes hawwe de minybike yn beslach nommen. De jonge krijt him net werom, it lytse motorke wurdt ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)